Ungelok mei scooter yn Drachten

12 okt 2006 - 10:07

In 17-jierrige scooterrydster út Drachten is woansdeitejûn ferwûne rekke by in oanriding mei in auto op de krusing Noarderhegewei en de Bolder.

It ûngelok ûntstie trochdat de scooterrydster gjin foarrang ferliende. Se is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs fan Drachten. Har passazjiere mankearre neat en kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)