Ungelok mei loftballon by Riis

26 aug 2008 - 10:19

In frou fan 66 jier fan 'e Jouwer is moandeitejûn yn Riis ferwûne rekke by in ûngelok mei in loftballon. Mei noch in pear oare passazjiers hold se de koer fan de ballon fêst wylst dy oan it opwaarmjen wie foardat er de loft yngean soe. Troch in wynpûst fleach de ballon ynienen de loft yn.

Eltsenien liet los, útsein de frou. Sy waard sa'n trije meter omheech lutsen foardat se dochs noch losliet. Se kaam op 'e rêch telâne en waard mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)