Ungelok mei hynstetrailer

21 aug 2010 - 12:19

In automobilist mei drank op hat sneon betiid op de A7 by Tsjalbert in trailer mei hynders fan achteren oanriden. De trailer skeat los fan de auto en bedarre yn de feart. De auto, mei in echtpear (62) út De Rottefalle, kaam op de sydkant telâne. Sy rekken ferwûne oan it gesicht, de nekke en earmen en binne nei it sikehûs brocht.

De man (30) út Langelille dy't it ûngelok feroarsake hat, hie tefolle dronken. Hy krige in rydferbod en moast it rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)