Ungelok by Koatstertille

12 jan 2005 - 12:08

By in ûngelok op De Koaten by Koatstertille is tiisdeitemiddei in 18-jierrige automobilist út De Westerein ferwûne rekke. Hy helle yn, doe't yn tsjinoerstelde rjochting krekt op dat momint fan 'e suteldyk in oare auto de wei op ried.

De jonge Westereinder remme noch, mar koe in botsing net foarkomme. Mei nekke-klachten is er oerbrocht nei it sikehûs yn Dokkum. Beide auto's rekken total-loss.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)