Ungelok Fryske truck op N996

26 jun 2007 - 10:57

In frachtweinsjauffeur út Sint Anne is tiisdei op de N996 by it Grinzer Middelstum mei syn tankauto fan 'e dyk rekke. De tankwein is laden mei diesel of benzine, mar der is gjin gefaar foar ekploazje, seit de plysje. Ut foarsoarch is de dyk wol ôfsletten.

De frachtwein rekke in beam en kaam op ûnferklearbere wize diels op de dyk ta stilstân. De sjauffeur rekke net ferwûne. De dyk is nei ferwachting de hiele dei stremd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)