Ungelok: frou Oerterp komt om

29 aug 2010 - 15:33

In frou fan Oerterp (50) is sneintemoarn yn Den Oever om it libben kommen, neidat se oanriden waard troch in achterútridende frachtauto.

De bestjoerder (32) út Schagen wie dwaande mei de opbou fan de merk yn ferbân mei de Visserijdagen. Hy ried achterút yn de Molenstraat en seach dêrby de frou oer de holle. Sy bedarre ûnder it achtertsjil fan de oanhingwein fan de frachtwein. De frou ferstoar op it plak fan it ûngelok. De frachtweinbestjoerder is oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)