Ungelok by Donkerbroek

15 feb 2007 - 13:53

By in ûngelok by Donkerbroek is tongersdei de bestjoerder (48) fan in tankauto omkaam. Troch noch ûnbekende oarsaak rekke de molkwein troch de fangrail op de brêge oer de Kompanjonsfeart en bedarre yn it wetter. De man út De Tynje waard út de kabine slingere.

Skermen yn it wetter moasten fersprieding fan molke yn e feart foarkomme. Fanwege it ûngelok hat de N381 foar ferkear ôfsletten west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)