Ungelok bus Stienzer showband

26 jul 2013 - 17:51
  • Ungelok bus Stienzer showband Takostu
  • Ungelok bus Stienzer showband Takostu
  • Ungelok bus Stienzer showband Takostu
  • Ungelok bus Stienzer showband Takostu

In bus mei 45 leden fan showband Takostu út Stiens is freed op de N50 by Kampen oanriden troch in automobilist. De automobilist kaam út de rjochting fan Swolle en seach te let dat der in file stie. De bestjoerder moast útwike en rekke dêrby de bus. De bestjoerder fan de bus wist mar krekt foar te kommen dat de bus fan de dyk rekke. By de oanriding wie ek in twadde auto belutsen.

Ien fan de ynsittenden is nei it sikehûs brocht. Troch it ûngelok ûntstie in lange file op de N50.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)