Ungelok A7 by Surch

29 jan 2007 - 22:43
  • Op de A7 by Surch rekke moandeitejûn in auto oer de kop (foto Jaring Rispens)

Op de A7 fan Surch yn de rjochting fan Koarnwertersân is moandeitejûn in auto oer de kop slein. De brânwacht moast deroan te pas komme om de bestjoerder derút te heljen. Dêrby moast it dak fan de auto ôfhelle wurde.

De auto wie yn de middenberm terjochte kommen. It oare ferkear waard yn beide rjochtings omlaat oer de flechtstrook. De automobilist is mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)