Ungelok A7: ien deade

12 jun 2014 - 19:07
  • Ungelok A7

Ien fan de slachtoffers fan it ûngelok op de A7 by De Jouwer is ferstoarn. It ûngelok barde om seis oere hinne. In frachtwein en meardere auto's kamen mei elkoar yn botsing. Fanwege it ûngelok waard de A7 yn de rjochting fan It Hearrenfean ôfsletten. Dêrtroch ûnstie der in flinke file.

De plysje docht ûndersyk nei tadracht fan it ûngelok. Der rekke noch in persoan ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)