Ungelok A31 by Skalsum

21 aug 2007 - 10:36
  • De bestjoerder waard troch helpferlieners út de auto helle
  • Foto's : Aise van Beets

Op de A31 fan Dronryp nei Frjentsjer hat tiisdeitemoarn in ûngelok plakfûn op 'e hichte fan Skalsum.

Hjirby is in auto tsjin de fangrail riden. By it ûngelok rekke in man fan Grins(46) ferwûne oan nekke en rêch. Ek rûn de man in brutsen skouderbonke op. Hy waard troch brânwacht en ambulânsepersoaniel út de auto helle. Rykswettersteat is dwaande om de fangrail te meitsjen. De man makke nei alle gedachten in stjoerflater.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)