Ungeduldige automobilisten Weaze

08 jul 2003 - 00:00

Troch ûngeduld fan de Ljouwerter befolking rinne de bouwfakkers dy't op 'e hoeke Weaze-Nieuweweg oan it wurk binne, gefaar. It ferkear ûnderfynt hinder fan it wurk en it publyk nimt dat de boufakkers net yn tank ôf.

Guon auto's stowe ekstra hurd by it bouplak del om't sy lilk binne oer it opûnthâld. Al in pear kear moasten de boufakkers oan 'e kant springe om net ûnder in auto te kommen. It wurk duorret noch oant nei de boufak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)