Unfrede parkearjen Frjentsjer

09 jan 2013 - 13:49

Oan de Sulverstrjitte en de Godsacker yn Frjentsjer meie sûnt dit jier allinnich parkearfergunninghâlders parkearje. Undernimmers oan dy strjitten binne dêr net bliid mei. Pizzeria Antonello ropt ûndernimmers en bewenners op om yn aksje te kommen. It reklameboerd foar de pizzeria is in aksjeboerd wurden.

Ek kapper Offinga is net bliid mei it nije belied. De kapper moat hieltyd klanten fuortstjoere, om't se net mear foar de saak parkearje meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)