Unfrede oer opdielen B'him

01 sep 2010 - 10:10

Ynwenners fan Boarnsterhim binne net bliid oer it opdielen fan har gemeente. It kolleezje makke lêsten bekend dat de gemeente yn trije dielen opsplitst wurdt. Twa grutte stikken komme by Hearrenfean en Ljouwert. Natuergebiet De Alde Feanen giet nei Tytsjerksteradiel.

Neffens de ynwenners is net nei har harke. Sa binne ynwenners fan Tersoal en Sibrandabuorren mear rjochte op Snits. Ljouwert leit folle fierder fan har ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)