Unfrede oer brêgewippers

23 mrt 2010 - 11:48

Undernimmers en ynwenners fan Makkum meitsje har soargen oer wat sy neame de ynkompetinte betsjinning fan slûzen en brêgen yn Makkum. Yn in brief oan de gemeente skriuwt it bedriuw Alpha Yacht Verhuur dat de betsjinning folle ekonomysker en effisjinter kin.

No stiet de brêge foar autoferkear faak folle langer iepen as nedich, mar yn guon gefallen moatte boatsjes ek fierste lang tusken twa brêgen wachtsje foardat se fierder kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)