Unfrede by fuotbalklups SWF

16 okt 2012 - 17:25
  • Amateurfuotbal

By fuotbalklups yn Súdwest-Fryslân bestiet grutte ûnfrede oer de grutte ferskillen yn behanneling troch de gemeente. De iene klup betellet folle mear hier foar syn fjilden as de oare. De iene klup krijt flinke subsydzje foar de jeugd, de oare hast neat.

Ek binne der fuotbalklups dy't hielendal gjin ûnreplikesaakbelesting foar har klaaikeamers en kantine betelje, wylst oaren dat al moatte. Dat moat gau oars, hawwe 16 fan de 24 fuotbalklups meielkoar besletten op in mienskiplike gearkomste yn Nijlân.

Wethâlder Wigle Sinnema seit ta de ferskillen lyk te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)