Unfrede frijwilligers brânwacht

06 okt 2004 - 10:55

Guon frijwilligers fan de brânwacht Ljouwert driigje op te stappen. De 31 frijwilligers ha argewaasje fan it nije meldsysteem fan de meldkeamer Fryslân. By guon brannen wurdt it frijwilligers- korps oproppen om de beropsbrânwacht te helpen. As it alteast net mis giet by de meldkeamer.

Yn koarte tiid gie it lykwols 3 kear mis en koene frijwilligers thús bliuwe om't se net oppypt waarden. Dat kaam troch bernesyktes fan it nije systeem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)