Unfersekeren teplak by MCL

27 jan 2006 - 17:22

Minsken dy't net fersekere binne, kinne it kommend healjier sûnder problemen by it MCL yn Ljouwert terjochte. Nei 1 july wurdt der in stranger belied hantearre. Dan sil it MCL mooglik operaasjes dy't net spoedeaskjend binne, wegerje.

Wierskynlik sil troch it nije, faak djoerdere soarchstelsel it tal ûnfersekeren flink tanimme. Oantallen fan 800.000 minsken dy't dit jier gjin soarchfersekering hawwe binne al neamd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)