Unferdôve slachtsje ferbiede"

11 jan 2011 - 14:47

Skieppehâlders yn Fryslan meitje harren soargen oer in wetsfoarstel fan de Partij voor de Dieren. Ynkoarten praat de Twadde Keamer oer in mooglik ferbod op ûnferdôve ritueel slachtsjen fan skiep. Dat ferbod hoecht om de boeren net. De bisten fernimme der neat mear of minder om as se ferdôve wurde, miene se. De ferplichting om inkeld mei ferdôving te slachtsjen kostet in soad jild. Dat soe harren wolris de kop kostje kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)