Unfeilich gefoel by hoareka

14 okt 2003 - 00:00

Hoareka-ûndernimmers fiele har hieltyd minder feilich yn har saak, ek yn Fryslân. Dat seit Koninklijke Horeca Nederland nei't moandei yn Haule in kafee-eigner troch geweld om it libben kaam. De eftergrûn dêrfan is noch net dúdlik.

Bedrigings en geweld winne yn hiel Nederlân oan gewicht as reden om mar mei de saak op te hâlden. Fryslân is dêr gjin útsûndering op, sa seit it bûn fan hoareka-ûndernimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)