"Unearlike konkurrinsje poppoadium Neushoorn Ljouwert"

02 des 2015 - 13:20
  • It poadium fan Neushoorn

De hoareka yn Ljouwert hat noch hieltyd soargen oer it nije popoadium Neushoorn yn Ljouwert. Neffens de ôfdieling Ljouwert fan de Keninklike Hoareka Nederlân is der sprake fan ûnearlike konkurrinsje. Dat komt neffens foarsitter Melle Bakker trochdat yn Neushoorn benammen frijwilligers wurkje wylst der kommersjele hoareka plakfynt yn it poppoadium.

Ek soe de nije kulturele ynstelling fan Ljouwert har net hâlde oan de slutingstiid fan 01:00 oere foar in plak as in poppoadium. "Der binne wol petearen mei de gemeente Ljouwert, mar de tiid is no oanbrutsen dat der ek in beslissing komme moat", sa seit Bakker.

De KHN Ljouwert stjoerde al yn july fan dit jier in brief nei it kolleezje fan b. en w. fan de gemeente wêryn't se soargen uteren oer de ûntsteane sitewaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)