"Unearlike konkurrinsje op it Waad by bergingswurksumheden"

22 jan 2015 - 21:35
  • KNRM  rêdingsboat

Rederijen op it Waad wolle dat minister Schultz van Haegen fan Ynfrastuktuer en Miljeu in oplossing betinkt foar it konflikt oer it bergjen fan skippen. Dat meldt RTV-Noord.

Neffens guon partikuliere bergingsmaatskippijen is der sprake fan ûnearlike konkurrinsje troch de Kustwacht en de KNRM, dy't bergingswurksumheden op de Waadsee net oan partikuliere bedriuwen gunne.

Dat soe yn striid wêze mei it Europeesk rjocht. Dy klacht komt fan Bos Marine Services út Lauwerseach, Veltman Marine Services fan Skylge en Rederij Noordgat fan Skylge.

De advokaat fan Rederij Noordgat skriuwt yn in brief oan de minister dat partikulieren troch dizze ûnearlike konkurrinsje te min wurk om hannen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)