Undúdlikheid oer wykpanels

15 jan 2003 - 00:00

Ynwenners fan Ljouwert witte noch net goed wat se mei de nije wykpanels oan moatte. Tiisdei wie der in diskusjejûn oer en de oanwêzigen fregen har bygelyks ôf oft in wykpanel wol út namme fan de hiele buert sprekke kin om't it om minsken giet dy't net offisjeel keazen binne.

Wethâlder Sluiter fan Ljouwert sil oan de hân fan wat nei foaren brocht waard, besjen hoe't de gemeente fierder moat mei de wykpanels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)