Undúdlikheid oer slutingstiden

15 jun 2007 - 08:46

It is noch altyd net dúdlik hoe't it komt mei de slutingstiden fan de doarpshuzen yn Kollumerlân. It kolleezje wol in slutingstiid fan tolve oere nachts, mar dêr wie tongersdei yn de kommisjegearkomste gjin mearderhied foar te finen.

Op it stuit moatte de doarpshuzen ek al om tolve oere ticht, mar yn de regel wurde langere iepeningstiden gedoogd. It kolleezje wol dat dêr in ein oan komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)