Undúdlikheid oer IBF

10 mrt 2004 - 00:00

It is ûndúdlik watfoar betingsten Brussel stelt oan subsydzje foar it IBF op It Hearrenfean. As lytsere bedriuwen op it ynternasjonale bedriuweterrein tastien wurde, moat de provinsje mooglik jild werombetelje.

Deputearre Baas sei ta sa gau mooglik mei dúdlikheid te kommen oer wat de provinsje wol mei it IBF. Dan moat ek dúdlik wurde oft de provinsje miljoenen euro's oan subsydzje werom betelje moat oan de Europeeske Kommisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)