Undúdlikheid by Heak Ljouwert

21 okt 2014 - 13:39

Der binne by de projektgroep Leeuwarden Vrij-Baan opmerkings binnenkaam oer de ûndúdlikheid by de Heak om Ljouwert. Benammen foar minsken dy't út de rjochting fan It Hearrenfean nei Ljouwert ride, is it net allegear dúdlik hoe't it sit. Dat hat te krijen mei de ferskillende buorden.

Sa steane der tydlik giele buorden, mar de blauwe buorden foar de einsituaasje hingje der ek al. Dat soarget foar ûndúdlikheid by automobilisten. Leeuwarden Vrij-Baan hâldt de situaasje de kommende dagen goed yn 'e gaten.

De Heak om Ljouwert moat oer goed twa moannen klear wêze. Sa as it no stiet wurdt it hiele projekt op 18 desimber offisjeel iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)