Undúdlikens oer berne-opfang

18 jan 2011 - 12:31

In brief fan 'e belestingtsjinst oer de taslach foar berne-opfang soarget foar ûndúdlikens. Tûzenen minsken mei bern op 'e opfang hawwe sa'n brief krige. Se moatte foar de ein fan 'e moanne it registraasjenûmer fan 'e opfang trochjaan, oars ferfalt de taslach.

Kinderopvang Friesland hat in soad reaksjes krige oer it brief. It CDA yn 'e Twadde Keamer hat fragen steld. De partij tinkt dat de belesting stekken falle litten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)