Underwiisstaking giet oer

20 nov 2007 - 17:09

De staking yn it fuortset ûnderwiis fan nije wike giet net troch. De wurkjouwers binne ree de easken fan 'e leararen yn 'e mjitte te kommen. Dat waard sân minuten foardat it ultimatum fan 'e fakbûnen ôfrûn bekendmakke.

De ûnderwiisbûnen wolle mear lean en minder wurkdruk. De wurkjouwers seagen dêr earst neat yn, mar binne no bydraaid. De estafettestaking dy't foar nije wike tongersdei pland stie yn it Noarden is no fan 'e baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)