"Underwiiskwaliteit ferbetteret troch komst ekstra dosinten"

18 maaie 2015 - 13:19

It ûnderwiis wurdt der better op troch de komst fan ekstra dosinten. Dat seit bestjoersfoarsitter Leendert Klaassen fan de Stenden Hegeskoalle yn reaksje op útspraken fan minister Bussemaker. Sy hat tasein dat der flink wat leararen bykomme yn it heger ûnderwiis.

Neffens Klaassen betsjutte ekstra dosinten foaral mear en better kontakt mei de studinten. Dat soarget úteinlik foar in bettere kwaliteit fan it ûnderwiis. Minister Bussemaker makket meikoarten bekend hoefolle dosinten oft der krekt bykomme.

De nije dosinten kinne betelle wurde troch de komst fan it lienstelsel. De basisbeurs foar studinten wurdt ôfskaft en dêrtroch komt der alle jierren in miljard euro ekstra besikber foar it ûnderwiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)