Underwiisgroepen Primus en De Basis hawwe tenei ien bestjoer

17 mrt 2016 - 16:55

Twa organisaasjes foar basisûnderwiis yn Hearrenfean en De Fryske Marren wolle nauwer gearwurkje. Underwiisgroep Primus en Skoalnetwurk De Basis prate al in skoft oer bestjoerlike gearwurking. Se hawwe no besletten om fierder te gean yn ien 'konsern'. De bestjoeren, it tafersjoch en de stêf fusearje. De skoalorganisaasjes wurde selsstannige 'dochterûndernimmingen'. De eigenheid fan de skoallen bliuwt dus bestean.

Primus en De Basis hawwe mei-inoar 31 basisskoallen mei in lytse fjouwertûzen learlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)