'Underwiis komt yn 'e knipe'

14 jul 2003 - 00:00

It ûnderwiisachterstânbelied yn Achtkarspelen komt yn de knipe, sa tinkt de PvdA yn de gemeente. It Ryk wol besunigje op de projekten foar skoallen mei in achterstân. Unbekend is noch hoe't de besunigings foar de gemeente útpakke sille.

De gemeente krijt op dit stuit aardich wat jild fan it Ryk om de achterstannen oan te pakken. De PvdA sil nei de simmerfakânsje fragen stelle oer de besunigings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)