Underwiis heechbegaafde bern bliuwt yn Dokkum

03 jul 2015 - 08:17
  • De Burgerskoalle yn Dokkum

De Burgerskoalle yn Dokkum bliuwt ek it nije skoaljier ûnderwiis oanbieden foar heechbegaafde bern yn twa groepen. Dat hat ûnderwiiskoepel Roobol, dêr't de Burgerskoalle ûnderdiel fan útmakket, tongersdei bekend makke.

Yn de ferklearring stiet ek dat de ûnrêst fan de lêste moannen skealik west hat foar de skoalle en dat dy ûnrêst foar in wichtich part feroarsake is troch net soarchfâldige besluten fan it bestjoer fan Roobol.

Dêrneist jout it bestjoer oan dat mei it ûntslach fan direkteur Germ de Vries fan de Burgerskoalle, syn rjochten skeind binne. It bestjoer sil mei De Vries om tafel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)