'Underwiis Frysk rint gefaar'

04 jul 2003 - 00:00

De Feriening foar it Frysk Ûnderwiis sit yn noed oer kennis fan it Frysk fan de ûnderwiisynspekteurs. Meikoarten slút it kantoar Ljouwert en wurdt de ûnderwiisynspeksje laat fan bûten de provinsje.

De lêste jierren binne der gjin ynspekteurs beneamd dy't op 'e hichte binne fan it Frysk op 'e basisskoalle. It Frysk ûnderwiis komt sa yn de knipe. De provinsje moat mear te sizzen krije oer de beneaming fan 'e ynspekteurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)