Underwiis-efterstân yn Fryslân

21 des 2000 - 11:30

Wittenskiplik ûndersyk hat útwiisd dat der yn Fryslân sprake is fan in ûnderwiis-efterstân. Benammen op it mêd fan rekkenjen en taalfeardigens skoare de bern minder goed as bûten Fryslân.

It ûndersyk dat yn opdracht fan de provinsje útfierd is, lûkt gjin konklúzjes oer oarsaken. Yntusken hat de provinsje al besletten ta in ferfolchûndersyk om dêr dúdlikheid oer te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)