Undertekening ferkeap stadion

11 jan 2010 - 10:00

Op it kantoar fan Trip Advokaten yn Ljouwert is moandei it kontrakt foar de ferkeap fan it Cambuurstadion ûndertekene. It fuotbalstadion is ferkocht oan projektûntwikkeler Leyten út Rotterdam.

Cambuur wol in nij stadion bouwe by it WTC Expo. De projektûntwikkeler kin dan huzen bouwe op it plak fan it stadion fan no. Earder wie wenningboukorporaasje Accolade dêrmei dwaande, mar dy organisaasje luts him werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)