Undersyksynstitút wol skytplakken waskbearhûnen lokalisearje

22 feb 2016 - 17:45
  • Waskbearhûn

Bureau Mulder-natuurlijk, Altenburg & Wymenga en de Zoogdiervereniging dogge fan dizze moanne ôf ûndersyk nei de waskbearhûn. De partijen ynventarisearje hoefolle oft der yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel foarkomme. De waskbearhûn, fan oarsprong út Azië, is sûnt in jier of fyftjin yn Nederlân. Alle jierren komme der fiif oant tsien meldingen fan minsken dy't ien sjoen hawwe, seit Jaap Mulder fan Mulder-natuurlijk.

De ûndersikers gean it tal bisten nei troch de fêste plakken dêr't de bisten skite, te tellen.

Stjoerderke

Mulder ropt foar de lokalisaasje fan de skytplakken de help fan it publyk yn. Fierders hoopje de ûndersikers in pear waskbearhûnen te fangen. Dy krije dan in stjoerderke mei om harren bewegings yn de gaten te hâlden.

NVWA

It ûndersyk wurdt dien yn opdracht fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA). Dy is ferantwurdlik foar alle eksoaten yn ús lân. De NVWA wol graach witte hoefolle waskbearhûnen yn ús lân binne en wêr't se libje.

Ungefaarlik

Foar safier bekend binne waskbearhûnen net gefaarlik. Se ite benammen mûzen en kikkerts. Fryslân is dêrneist de iennige provinsje dêr't de waskbearhûn ôfsketten wurde mei, fertelt Mulder.

Jagers

Mulder ropt jagers op, deade waskbearhûnen yn te leverjen foar ûndersyk. Der kin dan ûnder oare sjoen wurde nei syktes en baktearjes yn de bisten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)