Undersykslieder nei groom-farve stapt op

12 nov 2014 - 19:27
  • Yngong fleanbasis Ljouwert

Ald-loftmachtgeneraal Freek Groen dy't oansteld wie om it ûndersyk nei de groomhâldende farve te lieden, leit syn funksje per direkt del. Hy docht dit om't de opposysje yn de Twadde Keamer krityk hie op syn oanstelling: hy wie yn de jierren 90 kommandant op de fleanbasis Twente en soe dêr neffens de kritikasters klachten oer de farve negeard hawwe.

It ûndersyk wurdt dien troch de RIVM. Ek op de fleanbasis fan Ljouwert is yn it ferline wurke mei dizze kankerferwekkende farve.

Earder makke minister Hennis fan definsje bekend dat der in fergoeding komt foar minsken dy't siik wurden binne fan it wurkjen mei de farve.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)