Undersyk yntolerânsje op skoalle

19 maaie 2006 - 14:36

Tachtich persint fan de dosinten yn it fuortset ûnderwiis makket him soargen oer de yntolerânsje op skoalle. 60% tinkt dat yntolerant gedrach ûnder learlingen de ôfrûne jierren tanaam is.

Sa'n 75% fan de skoallen hat in belied ûntwikkele om tolerant gedrach te befoarderjen en ynsidinten oan te pakken. Dizze sifers komme nei foaren yn in sanemade Quick Scan, útfierd troch diskriminaasjemeldpunt Tumba.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)