Undersyk ynfloed rôfdieren

22 jan 2010 - 11:02

Nei de ynfloed fan rôfdieren op it greidefûgelbestân komt in ûndersyk. It giet al jierren minder mei de greidefûgels. Rôfdieren wurde faak neamd as oarsaak. De provinsje wol mei it ûndersyk dúdlikheid skeppe.

Der wurdt in enkête holden ûnder fûgelwachten en oare organisaasjes dy't der mei te krijen hawwe. Ek wurde wittenskiplike stúdzjes ûndersocht en wurde der workshops hâlden. De risseltaten moatte oan de ein fan dit jier bekend wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)