Undersyk ynbraken Súdwesthoeke

28 feb 2009 - 13:47

De plysje yn de Súdwesthoeke fan Fryslân docht ûndersyk nei de ynbraak yn sechtjin kantines fan sporthallen, maneezjes en fuotbalferienings yn dy omjouwing. De ynbraken hawwe plakfûn fan healwei febrewaris ôf.

De dieders fernielden in rút of brutsen in doar iepen om deryn te kommen. Der waarden ûnder oare jild, televyzjes en kompjûters meinaam. De belutsenen hawwe oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)