Undersyk yn Smellingerlân

16 aug 2009 - 13:12

Yn Smellingerlân begjint takom moanne yn tsien wiken en doarpen in ûndersyk nei it ferlet oan ynformaasje oer thússoarch, oanpassings oan it hûs en útkearings foar handikapten en âlderen.

Smellingerlân tinkt der oer om yn de tsien wiken en doarpen stipepunten yn te rjochtsjen. Dêr kinne minsken bygelyks help krije by it ynfoljen fan yngewikkelde formulieren. It ûndersyk duorret in jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)