Undersyk yn Menameradiel

15 nov 2000 - 18:13

De gemeenteried fan Menameradiel hat tiisdei 35.000 gûne beskikber steld foar it ûndersyk nei de gong fan saken oangeande de ûndernimmingsried. Alle fraksjes hawwe om sa'n ûndersyk frege.

De ferhâldingen op it gemeentehûs fan Menameradiel steane ûnder druk sûnt de fakbûnen har leden weromlutsen hawwe út de UR. De leden soene har bedrige fiele troch ûnder mear de boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)