Undersyk wynmûnen by Ljouwert

08 nov 2006 - 10:09

De gemeenteried yn Ljouwert sil ûndersyk dwaan nei it pleatsen fan wynmûnen lâns de Wâldwei en it trajekt fan de Heak om Ljouwert. Dat hat de ried tiisdeitejûn besletten.

In moasje fan PAL/GrienLinks en PvdA waard stipe troch de SP en VVD. Neffens PAL/GrienLinks liene de beide lokaasjes har goed foar wynmûnen. Der soe plak wêze foar sa'n 20 oant 25 mûnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)