Undersyk wynmûnen en seehûnen

13 sep 2013 - 11:21
  • Seehûn yn Waadsee (argyffoto)

Tweintich seehûnen yn de Waadsee krije takom wike in stjoerder om. Dit wurdt dien om ûndersyk te dwaan nei it effekt fan de bou fan in grut wynmûnepark boppe Skiermûnseach. Mei de stjoerders kinne ûndersikers sjen wat it leefgedrach fan de bisten is. As it wynmûnepark boud is dan wurdt opnij ûndersyk dien. Dan wurdt sjoen of dit gedrach ek feroare is. De stjoerders wurde mei lym yn de hierren fan de seehûn plakt. Nei in heal jier falle de apparaten der fansels ôf.

Neffens de ûndersikers giet it om lytse, lichte kastjes en ha de bisten der gjin lêst fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)