Undersyk wiist út: bever soarget hjir net foar skea

26 aug 2015 - 14:45

Boeren of partikulieren hoege yn Fryslân net benaud te wêzen foar skea troch de bever. Dat docht bliken út ûndersyk fan studinten fan it Van Hall ynstitút yn Ljouwert. Sy hawwe praten mei sa'n 40 boeren, fiskers en ynstânsjes dy't har dwaande hâlde mei natuer en miljeu. Yn Fryslân is op it stuit ien bever bekend. Dy libbet by Sint Nyk.

De bever komt ek yn Limburch foar. Dêr soarget it bist somtiden wol foar problemen, omdat dy dammen makket yn fluch streamende beken yn de heuvels. Dat is hjir net it gefal.

Der wurdt hope dat der ea bevers dizze kant opkomme, mar foarearst is de Fryske bever noch hieltyd allinne. Der wurdt no neitocht oer de fraach oft de bever in hantsje holpen wurde moat troch in bever hjir út te setten of de natoer syn gong gean litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)