Undersyk wenwinsken âlderein

02 okt 2012 - 19:26

De Fryske wenningboukorporaasjes en de provinsje litte in ûndersyk dwaan nei hoe't âlderein wenje wol. Sosjaal-ekonomysk buro Partoer docht it ûndersyk. Sechtich âldere Friezen sille ûnderfrege wurde oer werom se ferhze binne. Wenningboukorporaasjes lûke har hieltyd mear werom út lytse kearnen en de fraach is oft dat belied wol oanslút by de winsken fan de âldere Friezen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)