Undersyk ûntfiering giet troch

29 aug 2003 - 00:00

De plysje Fryslân wurket noch hieltyd mei 60 minsken oan it ûndersyk nei de ûntfiering fan Lusanne van der Gun. Oer de krekte stân fan saken fan it ûndersyk woe plysjewurdfierder Robert Rambonnet freed net folle kwyt, yn it belang fan it ûndersyk.

De plysjes binne noch folop oan de slach mei de 800 tips dy't de plysje sûnt moandei krigen hat. Der is op it stuit gjin oanlieding om it publyk op 'e nij om tips te freegjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)