Undersyk swimbad definityf

24 apr 2007 - 10:05

Der komt definityf in ûndersyk nei de mooglikheden it swimbad yn Wommels ûnder te bringen by de sportskoalle fan Veronique_Akkermans yn it doarp. Dat hat de gemeente Littenseradiel moandei besletten. De gemeente wol graach dat it doarp in swimbad hâldt.

It besteande âlde bad De_Klomp ferdwynt mooglik omdat der in soad jild yn stutsen wurde moat. Der is ek in wurkgroep dwaande mei in strânbad op it plak fan De Klomp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)