Undersyk subsydzjes Opsterlân

11 mrt 2012 - 11:07
  • Gemeente Opsterlân

De wize wêrop't Opsterlân subsydzjes jout, is net neffens de wet. Dat konkludearret de rekkenkeamer fan Opsterlân op grûn fan ûndersyk nei it gemeentlik subsydzjebelied. Neffens de rekkenkeamer is er yn in soad gefallen gjin wetlike grûn, op grûn wêrfan't de subsydzjes jûn wurde.

De gemeente is wol mei nij belied oan de gong. Dat alles op dit stuit noch net yn oarder is, betsjut net dat de subsydzjes dy't yn it ferline jûn binne, werombetelle wurde moatte. Yn de measte gefallen is de termyn dat beswier makke wurde kin, ferjierre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)