Undersyk subsydzjes Frjentsjer

19 jun 2006 - 17:12

De rekkenkeamerkommisje fan de gemeente Frjentsjerteradiel sil dit jier ûndersykje oft it subsydzjebelied fan de gemeente slagge is. Dat bart op oantrunen fan de gemeenteried.

Dy wol wite oft subsydzjes de doelgroep berikke, oft de subsydzjes goed brûkt wurde en oft de organisaajes tefreden binne mei it jild. It ûndersyk sil foar 1 desimber oan de gemeenteried oanbean wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)